• 30 december 2016

Tjerkje fan De Kliuw, wrâldferneamd kastleinske

Tjerkje fan De Kliuw, wrâldferneamd kastleinske

Foto Leeuwarder Courant

In strange skoaljuffer dy’t gjin oarder hâlde koe, sa typearre in klant Tjerkje Huitema oait. Folkert Sijbrandij, dy’t as jonge út syn sliepkeamer wei it sicht op it kafee hie, makket in toanielstik oer Tjerkje fan De Kliuw: Elk Sines.

De Kliuw leit, sa’t de namme al suggerearret, op in knooppunt fan diken, in eintsje bûten Hidaard. Mear as dat knooppunt en de twa huzen dy’t dêr steane, is it net. En dochs wie it kafee dat dêr mear as hûndert jier stien hat, yn de jierren santich en tachtich fan de foarige iuw in plak dêr’t elkenien wêze woe. Sneintemiddeis stiene de auto’s op alle (doe noch) fjouwer diken oer hûnderten meters yn de bjirmen parkeard en wie it kafee oant de lêste kante meter beset.

Wat it kafee sa bysûnder makke? Gjin twifel mooglik: Tjerkje (1903-2002), it kastleinske. En har beide broers, Fonger en Lammert, mei wa’t se nei it ferstjerren fan heit en mem op De Kliuw wenjen bleaun wie. Mar ek it kafee sels wie bysûnder. Dat wie nei al dy jierren noch altyd deselde húskeamer-mei-in taap as yn ‘e tiid dat heit Douwe dêr de skepter swaaide. ,,Ik bin sels mei de tiid meigien, mar it kafee ha’k âld litten’’,’ wie Tjerkje har eigen sizzen.

Spannende ferhalen

Der hingje ferhalen om De Kliuw. Regisseur Ypy Zysling hat der ienkear west, doe wie se in jier al tolve. Se mocht der net komme fan heit en mem – wat hat in famke fan dy jierren yn in kafee te sykjen? – mar doe’t se der op in dei mei in nicht foarby fytste, koe se it net litte en sjoch eefkes om ‘e hoeke.

,,Ik hie spannende ferhalen heard. Der barden rare dingen, der wiene manlju dy hiene dêr in hiele buorkerij fersûpt. Ik hie tocht dat it in soarte saloon wêze woe, dy’t ik fan westerns koe. Mar it wie gewoan in húskeamer, mei in lytse taap, in buffetkast en in kuolkast. En wat droege woarsten oan in stik tou.’’

Folkert Sijbrandij befestiget Ypy har observaasje: ,,De minsken romantisearje de sfear fan it kafee. Sa bysûnder wie dy net, in blyn hynder hie der gjin skea oanrjochtsje kinnen.’’

Hy kaam yn 2000 op it idee om wat mei it kafee fan syn eardere buorlju te dwaan. Peter Karstkarel hie betocht dat by de earste Slachtemaraton it kafee, dat al mear as tsien jier ticht wie, noch ien kear iepen moast en dat de 97-jierrige Tjerkje dêrby wêze soe. Sijbrandij, dy’t doe noch boer wie op de pleats skean tsjinoer it kafee, siet yn dy snuorje nei in gearkomst thús noch wat nei bûten, nei it eardere kafee te sjen en tocht: ik skriuw in boek oer De Kliuw.

Hy hold in ynterview mei ien dy’t der in soad fan wist, mar troch sykte en famyljeomstannichheden is er noait fierder kommen. Doe’t him yn 2012 frege waard om de jierlikse lêzing foarôfgeand oan keatspartij De Freule yn Wommels te hâlden, wie dat in moaie reden om mear materiaal te sammeljen. Hy hold fraachpetearen mei in rige stamgasten en lies kranteknipsels. Nei de lêzing, doe’t er de ynformaasje nochris oereage, tocht er: ik meitsje net in boek, mar in teaterfoarstelling.

Boerearbeider

Hoelang it hûs – oait makke it diel út fan in rychje fan trije – al kafee west hat, wit Sijbrandij net. Doe’t Douwe Huitema it kocht yn 1903 wie it al in kafee en yn de knipselmap fan Sijbrandij sit in advertinsje út it lêst fan de njoggentjinde ieu mei as tekst: ,,Bezoek de kermis op De Klieuw.’’

Douwe en syn frou Trude krigen sân bern, trije binne noait troud en altyd op De Kliuw bleaun. Lammert wie boerearbeider by in buorman, Fonger molk seis kij en hold bearen, Tjerkje – se hie har jong stoarne heit tasein dat se altyd op De Kliuw bliuwe soe om foar mem en de oare bern te soargjen – rêde mei it kafee.

Lammert wie wat in brompot, wit Folkert Sijbrandij noch, in man dy’t derfan útgie dat in dûbeltsje noait in kwartsje wurde koe en dêr ek nei libbe.

Fonger siet mear slinger oan. In sterke man mei sjarme, neffens Sijbrandij. Doe’t er wat jonger wie wûn er as fytser de Ronde fan Reahûs in oantal kearen en ek yn de hynstedraverij is er wolris yn de prizen fallen. As er tiisdeis by de feemerk fan Snits weikaam, hie er meast aardich djip yn it gleske sjoen. Hy is der – op de weromreis nei De Kliuw – in pear kear sa raar by delfallen dat er wiken net melke koe. Sijbrandij: ,,Dan diene wy dat. In pear kear teminsten. Dy bisten wiene gjin melkmasine wend, dat wie in lijen.’’

Fonger wie in gesellige prater, in miening dy’t de measte stamgasten dielden. Sijbrandij: ,,Tjerkje stie bekend as fûl, dat Fonger hoegde der net op te rekkenjen dat er samar in slokje krige. Dêr moast er foar betelje. Mar Fonger soarge der wol foar dat de oare gasten him by in rûntsje net oersloegen.’’

,,Sneintemiddeis, as ik op de sliepkeamer húswurk meitsje moast, seach ik Fonger oan de ein fan de middei altyd oankommen. Hy slingere alle kanten út, de sigaar foel him hieltyd út ‘e mûle, dy pakte er wer op om fierder te smoken. Dan joech er him by ús yn de keuken del yn in stoel en foel er daliks yn sliep. Us mem hie in swak foar Fonger. Dy makke him om seis oere wekker, hy krige in pear stikken bôle en dêrnei gie er op hûs oan.’’

Dúdlike regels

Yn it kafee draaide alles lykwols om Tjerkje. As har namme falt, wurdt faak earst eefkes gnaud. Tjerkje wie berne mei in skisis en dêr prate se nei. Se hie dúdlike regels. Sa seach se der bygelyks op ta dat in skieden man en in troude frou net neist elkoar kamen te sitten. Mar withoefaak rûn it út ‘e klauwen, krekt as by in strange juffer dy’t gjin oarder hâlde kin.

Sijbrandij: ,,It barde geregeld op in sneintemiddei dat it bier op rekke. Dan belle Tjerkje de gruthannel, ûnderhannele se soms withoelang oer de priis. Mar as de leveransier de stekkarre mei kratten it kafee yn ried, wie it boppeste krat hast leech as er oan ‘e taap ta wie.’’

,,Se wie swier katolyk. Doe’t har suster Anne wat krige mei in skieden man, woe se neat mear fan har witte. Mar op oare punten wie se ek wer modern. Se wie ynteresseard yn minsken, as minsken earne mei sieten, koene se dat oan har kwyt. Se harke.’’

Folkert Sijbrandij mei Ypy Zysling op de eftergrûn. Foto Martin de Groot

,,Mar se wie ek statusgefoelich. Hans en Wim Anker kamen dêr wolris doe’t se in jier as tweintich wiene. Doe’t Tjerkje hearde dat se de soannen fan in boargemaster wiene, koene se gjin ferkeard mear dwaan. In ploechje sjirurgen út Snits hat der ris in feestje holden. Normaal koe der hielendal neat, mar dy sjirurgen dûnsen op ‘e tafel en Tjerkje sei der neat fan.’’

Oer it leafdeslibben fan Tjerkje is net folle bekend, mar der geane wol ferhalen. Sa moat der oait in man west ha, dy’t har frege om mei te gean nei Amearika. Se is der net op yngien fanwegen de tasizzing oan har heit. Ek geane der ferhalen oer Rely Jorritsma, de dichter. Syn famylje wie eigner fan it lân om De Kliuw hinne, Rely útfanhuze út en troch by de famylje.

Sijbrandij: ,,Hy wie ier en betiid fan bêd ôf, dan gie er it lân yn om blommen te plôkjen. Dêr kleure er it kafee mei. Tjerkje útfanhuze sa no en dan yn de filla fan de famylje yn Nimwegen. Dan makke se lange, romantyske kuiers mei Rely. Hy hat har de belangstelling foar Fryske boeken bybrocht. Se hat wolris sein dat se it wurk fan Rely Jorritsma folle better fûn as dat fan Tsjêbbe Hettinga, want dat begrypte se.’’

Ynbraak

Tjerkje hat it kafee yn 1989 sletten. Se hie nei it ferstjerren fan Lammert noch wol trochgean wollen, mar doe’t der op ‘e dei fan de begraffenis ynbrutsen waard, waard se bang. Se woe dêr allinne net mear wenje.

It wie net de earste ynbraak op De Kliuw. Jierren dêrfoar wie dat ek alris bard en doe gie it ferhaal dat ‘meesterkraker’ Age M. it dien hie. Hy wie in geregelde klant fan Tjerkje, dat it lei foar de hân en wiis nei Age.

Ypy Zysling: ,,Alle ferhalen oer Tjerkje en De Kliuw binne ynkleure en romantisearre. Hoe’t it echt wie, witte de minsken net mear. De Kliuw bestiet allinne noch yn de ferhalen fan de minsken. Sa giet it aanst ek mei de foarstelling. De ien herkent dit, de oar herkent dat en sa makket elk syn eigen foarstelling.’’

De skriuwer en regisseur hawwe, foardat se echt losgiene, earst kontakt socht mei dichter Eppie Dam en komponist Sytse Broersma. Der moast muzyk yn de foarstelling en hoe fang je De Kliuw yn lieten? Ypy Zysling: ,,De teksten fan Eppie brochten daliks djipgong yn it ferhaal. Hy kin yn in pear rigels in enoarm respekt útdrukke foar dy trije minsken. En dat is nedich. It stik moat net in slapstick wurde fol anekdoates. Dêrom ha wy Bouke Oldenhof ek frege om ús by te stean.’’

In bûtensteander en in taskôger

By de tarieding hawwe de skriuwer en de regisseur harren faker as ien kear ôffrege wêrom’t sa’n foarstelling spile wurde moat. Ypy hat der mar ienkear west, Folkert – ,,ik wie in ferlegen jonkje’’ – ek net faak.

Sijbrandij: ,,Wy binne in bûtensteander en in taskôger. Mar it falt my alle kearen op dat de minsken bliid wurde as wy deroer fertelle. As ik sis dat ik fan De Kliuw kom, hear ik withoefaak: ‘Dêr haw ik wol west’. Ik wie lêsten op in begraffenis, rûn ik achteroan yn de rige. Kaam it praat op De Kliuw. Daliks hiele ferhalen.’’

Doe’t Tjerkje de saak yn 1989 ferkocht, woe se net dat it kafee fuortset waard. ,,Ik fuort, alles fuort”, wie har sechje. Folkert Sijbrandij en Ypy Zysling freegje har ôf wat soks oer har seit. Oft it wol sûn is om jinsels sa yn it sintrum te pleatsen. Mar oer ien ding binne se it iens: ,,It hat bydroegen oan de mytefoarming.’’

En sûnder mytefoarming wie Elk Sines der net kommen.

Artikel uit de Leeuwarder Courant – Sietse de Vries